Poiesz jeugd sponsor aksje
Sa’t jimme witte hie ús Poiesz yn Mantgum in jeugd-sponser aksje, dy wie fan 7 febrewaarje oant te mei 2 april.
Klanten krigen muntsjes by de boadskippen, dy koene je yn in buis fan een ferieniging dwaan.
Ek wy, keatsferieniging Jacob Klaver, die der oan mei. Op de leste dei ha Wiepkje van Dijk, Rugter Mulder, Ignas Dijkstra, Gjalt de Groot, Jelle Terpstra, Amerins de Groot, Bregt Arendz, Sjoerd van Dijk, Rebecca de Vlugt mei help fan Nynke Gierman en Nynke Dijkstra besocht sa folle mooglik muntsjes te sammeljen en ús ferieniging te promoten. De bern wiene ek nog in potsje oan’t keatsen op it fjildsje tsjin oer de winkel. It wie prachtich mooi waar en we ha in gesellige moarn hant. Hoefolle muntsjes it wurden binne is noch net bekend. 15 april wurde de cheque’s útrikt en witte we hoefolle it op smiten hat.
Geplaatst op 06 April 2011